Kollum: ''Foarsizzings''

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.
''Ik ha in moannekalinder omdat ik fûn dat ik te min wist oer de stannen fan de moanne en hokker ynfloed dat hat op de natuer en de minske. No ha ’k sawat it hiele jier lêze kinnen wannear’t we hokker moanne ha, wat it mei je dwaan kin mar der steane ek tips yn oer hoe’t je de stân fan de moanne brûke kinne foar bygelyks it wurkjen yn ‘e tún.
It is bêst leuk, sa’n kalinder dus ik sil foar takom  jier ek wer ien bestelle. Ik ha wol wat mei de moanne. De ôfrûne simmer hawwe wy wol gauris genieten ûnder in himel mei flonkerjende stjerren en in folle moanne wylst wy yn ‘e jaccuzi sieten en de hynders om ús hinne spaanden. Dat is romantyk, foaral as sa’n hynder dan stiet de migen en nei de tiid nochris in pear kear bêst ôfskyt.
De moanne is sûnt juster wer yn it winnen. De deikwaliteit is kâld, it elemint is ierde, lichemsdiel binne knibbel, bonken, gewrichten en hûd  en it orgaansysteem is de bloedsirkulaasje. Op alle siden stiet sa’n rychje mar dat begryp ik noch net hielendal. Ik ferjit ek wolris in pear dagen en dêr kaam ik woansdei dus wer achter. Dan lês ik hurd noch efkes wat op de foargeande dagen stie foardat ik de siden fuortgoai.
It gong oer foarsizzings en by de dei fan tiisdei stie dat dy dei en de nacht fan 27 op 28 desimber de moanne april foarsizze sil. ‘Observearje dyn dreamen en skriuw se op’. Der stie ek noch eat oer de krûden kurkuma en gimber mar dat krij ik wol genôch. Wat my foaral dwaande hold wie it stikje oer de dream.
Want ik ha dy nacht dreamd dat we wer in poppe krigen hiene, in jonkje. En ik ha it der fan 'e wike krekt noch mei ien fan myn skoansusters oer hân hoe fijn it is dat de bern al sa grut binne. Twa fan ús binne al sa âld dat se sels hast wol heit en mem wurde kinne en ik wurd leaver beppe dan noch in kear mem. Technysk sjoen is dat ek ûnmooglik mar je witte it mar nea.
De wûnders binne de wrâld noch net út mar ik sit net mear te wachtsjen op in wûnder yn ‘e widze. Ik krige ús jongste doe’t ik 30 jier wie. Takom jier wurdt ik 46 en binne ús bern al grut en selsstannich. Silst noch mar in lytsen derby krije, dan sitte je aanst yn ‘e oergong by de swimles en ik fûn it der altyd al sa waarm. Dy hiele rambam komt wer foarby en dêr wie ’k eins wol klear mei.
Ik bin ek wol benijd hoe’t sa’n man as Mick Jagger dat hat. Hy is 73 jier en krekt wer heit wurden. It is syn achtste bern en syn freondinne is 29 jier. Hy fljocht noch oer it poadium as in jongfeint mar hat it ivige libben fansels ek net. En soe hy sels mei dat jonkje nei swimles of nei it fuotbaljen gean? Ik fyn it mar nuver en sit net mear op sokke tastannen te wachtsjen.  Ik ha de side fan de kalinder dan ek mar gau fuortgoaid.
Ik sjoch wol wat 2017 ús allegearre bringt. Ik hoopje dat we wer moaie simmerjunen yn ‘e jaccuzi trochbringe kinne en gean der mar fan út dat ús gesin kompleet is. Beppe wurde is altyd goed en ik bin no dochs hiel benijd nei wat april bringe sil. Sa nijsgjirrich bin ‘k dan ek wol wer.
Ik winskje jimme allegearre in goede jierwikseling en in leafdefol 2017 ta!''