Douwe de Vries lit 10 kilometer op NK ôfstannen sjitte

29 des 2016 - 22:25
Douwe de Vries - Foto: ANP

Douwe de Vries docht freed net mei oan de 10 kilometer op it NK ôfstannen yn Thialf. De reedrider makke dat tongersdeitejûn bekend fia Twitter. Hy is tige bliid mei syn pleatsing foar it EK allround, mar fynt dat er keuzes meitsje moat en dêr fol foar gean moat. Dêrom hat er besletten de 10 kilometer yn Thialf sjitte te litten.

De Vries waard tongersdei alfde op de 1500 meter. Woansdei helle er brûns op de 5 kilometer en krige sa syn startbewiis foar it EK allround.

(Advertinsje)
(Advertinsje)