Gjin boete, mar wol wurkstraf foar belestingfraude

29 des 2016 - 19:53
Fallisemint - Foto: Omrop Fryslân

De direkteur fan in geveltechnykbedriuw fan It Hearrenfean hoecht fan de rjochter gjin boete fan 20.000 euro te beteljen. De offisier fan justysje hie dat bedrach fan de man easke fanwege belestingfraude. De man joech oan de belestingtsjinst in legere omset fan syn bedriuw op, sadat er minder belesting hoegde te beteljen.

Omdat de man dat neffens de rjochter die om syn bedriuw te rêden, hoecht er de boete net te beteljen. Wol moat er in wurkstraf fan 240 oeren dwaan en hat er in selstraf fan in jier ûnder betingst krigen.

It slagge de man úteinlik net om syn bedriuw te rêden, want dat gie yn 2013 fallyt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)