Jorien ter Mors wint 500 meter, Anice Das pakt it brûns

Jorien ter Mors hat op it iis fan Thialf de 500 meter wûn. Ter Mors sette 38.47 op de klokken. Floor van den Brandt waard twadde mei 38.66 en Anice Das tredde yn 38.79.
Marrit Leenstra ried 38.90, goed foar it fjirde plak. Suzanne Schulting, benammen shorttrackster, ried mei in pr fan 39.17 nei in sechsde plak.
Ter Mors, Van den Brandt en Das, alle trije lid fan de AfterPay-ploech, meie nei it WK ôfstannen yn Súd-Korea.