Achtkarspelen moat neitinke oer behâld foarsjenningen

29 des 2016 - 19:42

Gemeenteried en ynwenners fan Achtkarspelen moatte ynkoarten te set oer de foarsjenningen yn de alve doarpen. Ynset is om dy te behâlden, mar as dat bart op de hjoeddeistige wize, dan moat de gemeente op oare posten besunigje om dat betelje te kinnen.

Der is yngreven ynventarisearre wat der is en der moatte besluten falle oer wat de ynwenners perfoarst behâlde wolle en foaral hoe't dat krekt moat. Dat kin betsjutte dat doarpen sels mear dwaan moatte of dat de gemeente gebouwen of oare eigendommen ôfstjit.

It stik wêryn ien en oar beskreaun wurdt, komt ynkoarten yn de gemeenteried. Op 6 febrewaris is der in ynformaasjejûn om alles goed mei de ynwenners troch te praten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)