Sven Kramer ek de bêste op de 1500 meter

Sven Kramer hat foar de fjirde kear yn syn ymposante karriêre de 1500 meter wûn op it NK ôfstannen. Kramer ried 1.45.82. Kjeld Nuis waard twadde yn 1.46.05, hy ferspile de winst op de lêste 400 meter. Patrick Roest waard mei 1.46.15 de tredde man op it poadium.
Dizze trije reedriders binne ek wis fan de 1500 meter op it WK ôfstannen yn febrewaris yn Súd-Korea.
Op it EK allround fan begjin jannewaris yn Thialf komme Sven Kramer, Douwe de Vries en Jan Blokhuijsen yn aksje.
Kramer wie der nei syn rit net hielendal wis fan dat er ek winne soe. "Doe’t ik klear wie mei de 1500 tocht ik dat Kjeld der noch wol ûnder gie, mar hy hie dochs wol in swiere lêste ronde." Lang bliuwt Kramer lykwols net by dizze oerwinning stilstean. "Ik bin bliid mei de útslach, mar ik ha der gewoan in hiel foldwaan gefoel oer dat ik goed bin dizze dagen en ik bin no al wer dwaande mei moarn."