Nije ferwurker fan ôffalwetter

Wetterskip Fryslân en de gemeente Súdwest-Fryslân rjochtsje in bedriuw op foar it behear fan rioelen en wettersuveringsynstallaasjes. Dêr wurdt al jierrenlang yn Nederlân oer praat, mar de primeur is yn Fryslân.
Wetterketenbedriuw Fryslân krijt fiif jier de tiid om te bewizen dat troch effisjenter te wurkjen jild besparre wurde kin. Der is berekkene dat as alle Fryske gemeenten harren by it inisjatyf oanslute soenen, se 15 oant 20 miljoen euro besparje soenen.
It probleem is dat gemeenten en it wetterskip harren beide mei rioelen en wettersuvering dwaande hâlde. Der wurdt dûbeld wurk dien. Oft legere kosten ek gefolgen foar de hichte fan de tariven hawwe, is noch net dúdlik