"Friezen brûke minder misliedende termen by huzeferkeap"

29 des 2016 - 18:40

Huzebesitters dy't harren hûs ferkeapje wolle, priizgje dit op ynternet soms mei de moaiste termen oan. Ek as it hûs in boufal is. Dat docht bliken út in ûndersyk fan RTL Z. Jaap Kingma, makeler yn Burgum, werkent dy misliedende termen wol. It komt neffens him geregeld foar, mar yn Fryslân minder faak as yn bygelyks de Rânestêd. "Friezen binne faak wat te nochter om dat soarte fan termen te brûken", seit Kingma.

RTLZ frege lêzers nei misliedende termen dy't brûkt wurde yn advertinsjes foar de ferkeap fan huzen. De resultaten fan ûndersyk smiet in soad grappige teksten op. Sa kin in 'autentyk' of 'karakteristyk' hûs betsjutte dat it hûs eins slim ferâldere is. En 'tichteby in útfalswei' kin wolris betsjutte dat it hûs oan in drokke dyk leit dêr't dei en nacht ferkear oerhinne raast.

Noch in leuke: As it hûs yn in 'kleurrike buert' stiet, soe it wolris midden yn in efterstânswyk stean kinne. It is dus goed oppasse as je in hûs online besjogge. Troch folle termen prikke de measte minsken wol hinne, mar guon termen binne ynstjonkers.

Tips

Jaap Kingma hat wol in oantal tips foar de ferkeap fan je hûs:
1. Wês sa earlik mooglik oer je hûs; fyn in goede balâns tusken it moai omskriuwen fan je hûs en in goed byld jaan fan de werklikheid.
2. Pleats foldwaande foto's, filmkes en plattegrûnen fan it hûs. Ek bygelyks 360 graden foto's. In foto ferkeapet goed, mar in filmke noch better. Keapers binne tsjintwurdich fisueel ynsteld.
3. Pleats in haadfoto dy't goed opfalt en ûnderskiedend is

Trefwurden: 
huzen ferkeap Jaap Kingma
(advertinsje)