Ireen Wüst wint ek de 3000 meter, De Jong twads, Nauta treds

Ireen Wüst hat it twadde goud op it NK ôfstannen yn iisstadion Thialf te pakken. Nei de winst op de 1500 meter, wûn se tongersdei de 3000 meter yn 4.02.31. Antoinette de Jong waard twadde yn 4.02.76 en Yvonne Nauta tredde yn 4.04.50.
De trije froulju op it poadium pleatse har dêrmei foar it WK ôfstannen yn febrewaris yn Súd-Koreä en boppedat foar it EK allround begjin jannewaris op It Hearrenfean.
Foar Ireen Wüst wie it de sânde kear dat se de bêste wie op de 3000 meter by it NK ôfstannen.