Iepen FK klaverjassen lûkt mear as hûndert dielnimmers

Mear as hûndert minsken dogge tongersdei mei oan it Iepen Frysk Kampioenskip Klaverjassen yn Langwar. Dêrmei is it toernoai aardich groeid. Trije jier lyn die noch mar in hantsjefol minsken mei en waard it hâlden yn de húskeamer fan inisjatyfnimmer Jan Wassenaar.
No fynt it plak yn kafee De Drie Zwaantjes yn it sintrum fan Langwar en binne der tsientallen tafels nedich om elk in plak te jaan. Der wurdt ûnder oare spile om VIP-plakken by Sportklup Hearrenfean en it skûtsjesilen.