5 tips foar de ideale Fryske top 100 belibbing

Op âldjiersdei wurdt foar de 18e kear de Fryske top 100 útstjoerd. Mei oaljekoeken op de bank of mei freonen by it karbidsjitten, alles kin fansels. Mar hoe kinne minsken de útstjoering fan de Fryske top 100 no it bêste belibje? Omrop Fryslân komt mei 5 gouden tips foar de ideale Fryske top 100 belibbing.
1. Nûgje minsken út
Wat mear sielen, wat mear freugde. Nûgje freonen, famylje en kennissen út om mei syn allen de Fryske top 100 te belibjen. Yn de keamer de telefyzje oan en yn de keuken de radio. Mei de eigen top 5 yn ‘e hân kin sels de kar foar dizze nûmers noch bepraat wurde. Set de radio lûd en meisjonge is ek gjin probleem, want de buorlju wolle it fansels ek hearre.
2. Tink om de tiid
De Fryske top 100 wurdt dit jier fan 12.00 oant 00.00 oere útstjoerd. Soargje dit jier dus dat oaljekoeken en oare lekkernijen moarns al klear makke wurde. Om 12.00 oere kin de skaal mei al it iten dan op tafel en kin de telefyzje en radio ôfstimd wurde op Omrop Fryslân. Ferjit al dy klisjees lykas de âldjierskonferense en gean mei Omrop Fryslân op Fryske wize 2017 yn.
3. Hapkes en drankjes
In oaljekoek is yn feite mar gewoan in grutte klonte fet. Heart net oantreklik, is it ek net, mar wa kin der no sûnder op âldjiersdei? Oaljekoeken, apelbenjees en apelflappen nim it mar op. Meitsje in grutte skaal fol dan is der yn elts gefal net te min en hâlde jimme it út oant 00.00 oere. En wa wit helpt in Fryske slokje ek by dy perfekte belibbing.
4. Meitsje der in spultsje fan
En wa tinksto dat dit jier op nûmer ien stiet? Meitsje thús in pot en set yn op it nûmer dat neffens dy dit jier de grutte winner is. Sa wurdt it lêste oardel oere noch spannender. Om foar noch mear útdaging te soargjen, kin ek wedde wurden om de top trije yn de list.
5. Stjoer ús in berjocht
Wolst dy no hielendal belutsen fiele by de Fryske top 100? It radioteam fan Omrop Fryslân wol hiel graach witte hoe’tsto de Fryske top 100 oan it folgjen bist en wat neffens dy de hichte- en djiptepunten fan 2016 wiene. Foto’s mei in berjocht kinne WhatsAppt wurde nei 06 20 49 91 99, in berjocht smse kin nei itselde nûmer en hasto no in prachtich ferhaal? Stjoer it nei top100@omropfryslan.nl.
De Fryske top 100 is der âldjiersdei fan 12.00 oere middeis oant krekt nei middernacht en is te folgjen by Omrop Fryslân fia radio, telefyzje, de webside en de Omrop-app.