KNRM set 2000e pasjint oer fan It Amelân nei fêste wâl

29 des 2016 - 16:54

De KNRM op It Amelân hat syn 2000e pasjint nei de fêste wâl brocht. De organisaasje wurdt sûnt 1988 ynset foar it ferfier fan pasjinten. De 2000e pasjint moast woansdei op de neimiddei ferfierd wurde. Dat soe einliks mei in helikopter dien wurde, mar dy koe troch de tichte mist net fleane. Dêrom waard in rêdingsboat ynset. Doe't dy weromkaam, moast fuort ek de 2001e pasjint ferfierd wurde.

It ôfrûne jier sette de KNRM op It Amelân 129 pasjinten oer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)