UPDATE: Brân yn stâl ûnder kontrôle, gjin gefaar foar kij

29 des 2016 - 17:12
Foto: CAMJO media

De brânwacht hat de brân op in pleats yn Easthim ûnder kontrôle. It fjoer wie yn in stâl, dêr stie strie yn 'e brân. De brânwacht hat it strie nei bûten brocht en it dêr blust. De kij dy't yn de stâl stienen rûnen gjin gefaar en koenen dêrom stean bliuwe.

Hoe't de brân ûntstean koe is noch net bekend en dat jildt ek foar eventuele skea. Foar it blussen fan de brân waarden korpsen út Heech en Drylts ynset. Dy binne noch wol in skoft oan it neiblussen west.

Trefwurden: 
brân Easthim
(Advertinsje)
(Advertinsje)