Hanneler yn yllegale hûnepuppen frijlitten

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In 20-jierrige man út Drachten, dy't earder dizze moanne oppakt waard foar it yllegaal ferhanneljen fan hûnepuppen, is foarearst frijlitten yn ôfwachting fan syn proses. De man waard oanhâlden nei tips fan klanten dy't in hûn by him kocht hienen. Dizze hûnen gienen binnen in pear dagen al dea.
De Drachtster hannele fanút in loads yn Holwert. De plysje fûn dêr earst 25 swier fertutearze hûnen. Letter waarden dêr noch 23 deade hûnen fûn yn in friezer. De fertochte hat twa wiken fêstsitten.