Man krijt selstraf foar útdrukken fan sigaret op freondinne

sigaret © Omrop Fryslân
In 47-jierrige âld-ynwenner fan Drachten hat tongersdei 82 dagen selstraf oplein krigen troch de rjochtbank. De man soe yn 2013 syn freondinne mishannele hawwe troch har ûnder oare te brânen mei in sigaret. Hy hat de straf al yn foararrest útsitten.
De man soe it slachtoffer ek meardere kearen in kopstjit jûn hawwe en har oan it hier lutsen hawwe. Hy hie op de jûn fan de mishanneling GHB brûkt.
Neffens de fertochte is it slachtoffer lykwols net folslein ûnskuldich. Hy hat oanjefte tsjin de frou dien foar mishanneling.