FIDEO: Winkeljend publyk pakt fytsedief yn Drachten

© Facebook, Politie Oost-Fryslân
In 35-jierrige dief út Drachten hat tongersdeitemoarn net lang fan syn stellen fyts genietsje kinnen. De man naam de fyts mei by in winkel oan de Suderbuert yn Drachten. De eigeneresse seach dat en rop omstanners om help. Dy wisten de man te pakken te krijen en hawwe him oerdroegen oan de plysje. Hy is fêstset foar fierder ûndersyk. De frou hat har fyts weromkrigen.