Wurkstraf foar oplichterij mei djoere mobylabonneminten

29 des 2016 - 15:06
Smartphone - Foto: Omrop Fryslân

In 21-jierrige ynwenner fan Wolvegea hat tongersdei in wurkstraf fan 120 oeren krigen foar oplichterij. Ek krige er in selstraf fan in moanne ûnder betingst, mei in proeftiid fan trije jier. De man hat him skuldich makke oan oplichterij mei djoere mobylabonneminten.

Hy liet trije kunden telefoanabonneminten mei djoere mobile telefoans ôfslute. Hjirnei ferkocht er de telefoans troch. Tsjin de slachtoffers sei er dat er de abonneminten stopsette soe, mar dat barde net. Dêrtroch kamen de slachtoffers mei hege rekkens te sitten.

De trije slachtoffers, dy't neffens de rjochtbank sjoen wurde kinne as 'kwetsbere minsken', fielden harren yntimidearre troch de Wolvegeaster. Hy soe de jonges bedrige hawwe. By de rjochtsaak woe de fertochte lykwols neat sizze.

By it bepalen fan de straf hat de rjochtbank der rekken mei hâlden dat de feiten yn 2014 dien waarden. De man siet doe yn in proeftiid, wêrtroch er noch in finzenisstraf fan twa moannen útsitte moat. De trije slachtoffers hawwe mear as 11.000 euro oan telefoanabonneminten útjûn. Dat jild moat de Wolvegeaster werombetelje.

Trefwurden: 
wurkstraf oplichterij
(Advertinsje)
(Advertinsje)