Ingrid Leystra op Boa Vista: "We meitsje it bêste derfan"

Hûnderten Nederlânske toeristen sitte op it stuit fêst op it Kaapverdyske eilân Boa Vista, foar de kust fan Senegal. It fleanfjild dêr't se wei fleane soene is fanwege in swiere sânstoarm sûnt earste krystdei ticht.
Under de fakânsjegongers ek Ingrid Leystra út Ljouwert: "Ik soe eins dizze wike wer wurkje en myn freon ek, dus dat is wol ferfelend", sa lit se witte fia de telefoan, "mar ja, wy kinne der net in soad oan dwaan."
Se fernimme net folle fan de sânstoarm: "It iennige wat wy derfan fernimme is dat wy net fleane kinne."
Boa Vista is in moai fakânsje-eilân mei in protte sinneskynwaar. Ingrid sels fynt it net al te slim om der noch wat ekstra dagen te bliuwen. Dochs is it net foar elkenien leuk om noch net nei hûs te kinnen. "Wy krije elke moarn om 9 oere in update oer de dei. Der binne dan in soad minsken út ferskate lannen, bygelyks út Ingelân en Frankryk, en guon fan harren sitte hjirre al fiif dagen fêst", sa fertelt Leystra, "foar harren is it wol klear, dy wolle nei hûs. Minsken witte net goed wêr't se oan ta binne. Je moatte elke moarn de koffers wer pakke en by de yngong stean om te hearren oft je fuort kinne." Mooglik kinne Ingrid en har freon moarn nei hûs ta fleane.