Ynwenners Easterwâlde bewarje fjoerwurk op sliepkeamer

29 des 2016 - 14:26
(foto-ympresje) - Foto: ANP XTRA

De plysje hat twa ynwenners fan Easterwâlde oppakt fanwege de hannel yn fjoerwurk. Yn it hûs fan de heit en soan fûnen de plysjes sa'n 100 kilo fjoerwurk, dêr't it grutste diel yllegaal fan wie.

Tsjin de twa is proses-ferbaal opmakke, it fjoerwurk is yn beslach naam en ferneatige. Sjoen it soarte fan fjoerwurk sprekt de plysje fan in gefaarlike situaasje. It fjoerwurk lei opslein yn in keammerke dêr't ek bern boarten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)