'De Witte Lakenvelder' nije haadsponsor fan ONS Snits

29 des 2016 - 14:20
'De Witte Lakenvelder' wurdt de nije haadsponsor fan ONS

De Witte Lakenvelder wurdt de kommende trije seizoenen haadsponsor fan ONS Snits. De namme Boso, fan de hjoeddeistige haadsponsor, sil op 1 july 2017 út de klupnamme ferdwine. It bestjoer fan de fuotbalklup is hiel bliid mei de nije haadsponsor, sa falt te lêzen op de webside.

Op 7 jannewaris foar de wedstriid tsjin Genemuiden sil it nije kontrakt ûndertekene wurde. Boso hâldt nei dit seizoen ek op as sponsor fan de oare Snitser fuotbalklup Snits Wyt Swart.

(Advertinsje)
(Advertinsje)