Minder besikers foar Histoarysk Sintrum Ljouwert

Histoarysk Sintrum Ljouwert
It Histoarysk Sintrum Ljouwert hat dit jier minder besikers lutsen as ferline jier. Dit hat neffens de ynstelling benammen te krijen mei it feit dat der minder grutte ûnderwiisprojekten oanbean binne yn 2016. It HCL hat yn it ôfrûne jier sa'n 22.500 besikers lutsen.
De Aldehou kaam út op 24.500 besikers, en it Pier Pander Museum op 2400 besikers. Nettsjinsteande it legere tal besikers nei it HCL, hat 2016 wol in goed jier west foar de ynstelling.
It gebrûk fan de HCL-webside is tanaam, nei sa'n 183.000 besiken, en it tal kuierders dat mei in HCL gids troch de stêd kuiere hat is omheech gien nei in rekôr fan 4000.