Platesaken profitearje fan ferstoarne popikoanen

29 des 2016 - 13:10

De Fryske platehannels hawwe in goed jier belibbe. Dat komt ûnder oare troch it grut oantal popikoanen dat yn 2016 ferstoarn is, lykas David Bowie, Prince, Leonard Cohen en in pear dagen lyn George Michael. Dat soarge foar in grutte fraach nei harren muzyk.

Mar der is de lêste tiid wer mear ferlet fan echte LP's en rint ek de ferkeap fan CD's net langer werom.

Trefwurden: 
platesaken cd's lp's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)