Marit Bouwmeester wol broer Roelof as nije coach

29 des 2016 - 11:52

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten wol graach broer Roelof as nije coach hawwe. Bouwmeester hat op dit stuit gjin trainer. Har foarige Jaap Zielhuis is no haadbûnscoach. Marit hopet dat der yn jannewaris dúdlikheid komt oer har winsk. Neffens har is Roelof in ekstreem goede coach.

Roelof Bouwmeester is noch yn petear mei it wettersportbûn. Dat is al yn in aardich fier stadium. Hy sit no ek al yn de begeliedingsstêf fan Marit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)