Twadde dei NK ôfstannen: froulju 3000 en 500, manlju de 1500

It fernijde Thialf
Op de twadde dei fan it NK ôfstannen, dy't tongersdei ferriden wurdt op Thialf op It Hearrenfean, stean trije ôfstannen op it programma. De froulju begjinne mei de 3 kilometer, dêrnei ride de manlju de 1500 meter en de froulju slute de dei ôf mei de 500 meter. De wedstriden begjinne om kertier oer fiven en ús ferslachjouwers binne der by en dogge ferslach.