It meldpunt foar fjoerwurkoerlêst hat al 16.000 klachten

29 des 2016 - 10:28

Friezen hawwe oant no ta 455 klachten yntsjinne oer fjoerwurkoerlêst. It meldpunt is ynsteld troch GrienLinks-fraksjes yn 30 gemeenten. De measte klachten komme oant no ta út Ljouwert, dêr waard 73 kear klage, út de gemeente Hearrenfean kamen al 66 klachten.

Opfallend is it oantal klachten fan It Amelân, dêr kamen út Hollum oant no ta al 23 klachten. Lanlik binne der al 16.000 meldingen binnen kaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)