Protest op ôfskie Oebele Vries

25 maaie 2012 - 12:19

De stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de universiteit fan Grins grypt it ôfskie freed fan dosint Oebele Vries oan om te protestearjen tsjin it opgean fan de stúdzje yn 'Europese talen en Culturen'.

De fakgroep is benaud dat it net goed komt mei de posysje fan it Frysk oan de universiteit. De dosinten Frysk ha de lêste jierren har bêst dien om in folweardige stúdzjerjochting te bliuwen. Under oare troch it Frysk taal te brûken as foarbyld foar oare minderheden en dêr kolleezjes oer te jaan.

Krekt dat liket de oplieding no fataal te wurden, seit haaddosint Goffe Jensma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)