De fjoerwurkferkeap is los

Dit binne de dagen dat it wêze moat foar de fjoerwurkferkeapers yn Fryslân. Fannacht om 12 oere is de fjoerwurkferkeap foar de jierwiksel fan 2016 offisjeel úteinset. MAGIC-vuurwerk op De Gordyk die de winkel spesjaal om 12 oere iepen foar de echte fanatikelingen.
De measten hawwe it guod al wiken lyn op ynternet besteld. Mar dochs fine se it wichtich om it fjoerwurk sa betiid mooglik yn de hannen te hawwen. Mar der komme ek genôch klanten op de bonnefoai del om wat te heljen.
De ferwachting is dat it waar goed wêze sil mei de jierwiksel, en dat skeelt neffens de ferkeapers yn de ferkeap de kommende dagen.