Kollum: "Soarchfersekering útsykje"

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.
"Goeiemoarn! It is ein desimber, en dat betekenet dat soarchfersekerders wer yn aksje komme. Per 31 desimber kinne we wer switche fan soarchfersekerder. Ek yn jannewaris kin it noch, trouwens. Mar de reklames fan de soarchfersekerders binne der wer folop. Ja, der is in soarchfersekering foar elkenien: de hurdwurkjende Nederlanner, de hurdtinkende Nederlanner, de studint, de fakman, de amtner, de jongeman sûnder relaasje, de âlderen en de minsken mei in sûne libbensstyl.
Dizze reklame hearde ik ferline wike op de radio, fan in fergelikingssite foar soarchfersekerders… "In veel zorgpolissen wordt een deel van de kraamhulp vergoed. Dat is mooi. Maar je hebt er weinig aan als je een single man bent". In bytsje nuver, want sit kreamsoarch net gewoan yn it basispakket? Ik ha it mar ris opsocht: dat is sa, en it basispakket wurdt troch ús oerheid bepaald. Dus hoe kinne single jongemannen dan minder betelje foar soarch dy’t se miene net nedich te hawwen?
Doe ha ik de radioreklames nochris better bestudearre. Der binne in soad dy’t suggerearje dat wannear't ien by in bepaalde doelgroep heart, hy of sy minder betelje moat foar de fersekering. De studinten: jonge, relatyf sûne minsken… in ridlik feilige groep om te fersekerjen. De heger oplieden, dy’t minder faak gefaarlik wurk dogge: minder risiko. Of de groep mei in sûne libbensstyl - wat dat ek krekt wêze mei - miskien ek minder djoer om te fersekerjen. It is allegear ûnsin.
Op de site fan ‘Zorginstituut Nederland’ stiet it presys. Dit is de oerheidsorganisaasje dy’t tafersjoch hâldt op de kwaliteit, tagonklikens en betelberheid fan it Nederlânske soarchsysteem. Sy beskriuwe de ‘risicoverevening Zorgverzekeringswet. De risicoverevening compenseert zorgverzekeraars voor verschillen in de samenstelling van hun verzekerdenpopulatie'. Sy skowe sa’n 22 miljard euro per jier hinne en wer tusken ferskillende soarchfersekerders. Dus stel datsto as soarchfersekerder in studintepoalis oanbiedst, en do hast allinnich mar studinten as klanten. Dat liket dan goedkeap, mar do moatst troch de risikoferiening elk jier gewoan in bydrage leverje oan de fersekerder dy’t wol mear risikogroepen hat.
De 'gezond-leven-verzekering', foar minsken dy’t biologyske produkten kieze: grutte ûnsin. Ja, soarchfersekerders kinne wat boartsje mei oanbieders dêr't se kontrakten mei slute, mar dat is it wol wat de basisfersekering oanbelanget.
Oanfoljend is it wat oars, mar fierder: it is in egaal systeem. De fraach by it útsykjen fan in nije soarchfersekering is foaral: foar hoefolle misliedende reklame dy’t se meitsje wolsto betelje?"