Fûgels skrikke fan fjoerwurk en fleane kilometers fuort

© ANP
Fûgels hawwe folle mear lêst fan fjoerwurk as tocht waard. Dat docht bliken út radarbylden dy't de Fûgelbeskerming publisearre hat. Dêrút docht bliken dat der yn de tiid dat der it measte fjoerwurk ôfstutsen wurdt, in hiel soad fûgels yn beweging komme.
De fûgels fleane al gauris 40 oant 60 kilometer op syk nei in rêstich plakje. Yn Fryslân kin dat bygelyks op en om de Iselmar wêze of by de Waadsee. Dat kostet de fûgels in soad enerzjy, seit boskwachter Henk-Jan van der Veen fan Steatsboskbehear.
De Fûgelbeskerming ropt dêrom minsken op om hoedend mei fjoerwurk om te gean. En eins wolle sy in fjoerwurkferbod yn en om natuergebieten.