UNIS Flyers wint mei 7-2 fan Tilburg Trappers en is finalist

© Twitter, @UNISFlyers
UNIS Flyers hat woansdeitejûn ek de twadde heale finale yn de beker wûn. Nei de 6-1 thúswinst waard no mei 7-2 wûn fan en yn Tilburg. Yn de earste perioade gong it aardich lyk op. Oan beide kanten waard in kâns fersulvere. Jeroen van de Broek iepene mei 1-0 foar de Trappers en Flyer Mark Hoekstra brocht de tuskenstân op 1-1. Yn de twadde perioade makken de Feansters it ferskil mei doelpunten fan Ronald Wurm, Pippo Limnell en Tony Demelinne. Wurm en Kevin Nijland (2) makken dêrnei dien wurk.
Op 18 jannewaris 2017 is de bekerfinale yn Eindhoven. Tsjinstanner is dan Geleen of Zoetermeer.