Slach om 'e Toer lûkt mear kuierders fan bûten de regio

Kuierders by de Slach om 'e Toer
Op de kuiertocht Slach om 'e Toer komme hieltiten mear dielnimmers fan bûten de regio ôf. Dat is de yndruk fan de organisaasje fan it evenemint dat woansdei foar de sânde kear hâlden waard. Der dienen 1050 kuierders mei oan de tocht mei start en finish yn Surhuzum. De rûtes gongen foar it grutste part troch it Grinzer Westerkwartier.