Mear toeristen bringe krystfakânsje troch op It Amelân

28 des 2016 - 21:02

Sa oan de ein fan it jier binne der mear toeristen op It Amelân as yn 't foar tocht waard, sa seit de VVV op it Waadeilân. It giet om sa'n tsien prosint ekstra yn fergelyk mei ferline jier en dat wylst minsken der dit jier ekstra snipperdagen foar opnimme moasten.

Oer it hiele jier hawwe der goed 600.000 besikers west, oardel prosint mear as yn 2015 en dat soarge foar goed 2 miljoen oernachtings en dat hat 4,5% mear omset opsmiten. De measte minsken 58%) komme bûten it heechseizoen.

Dat is ek dêr't it eilân op ynsette moat, seit VVV-direkteur Cinto Prosperi, want it oantal bêden groeit al jierren net mear. Om minsken bûten it heechseizoen te lûken, moat der ek mear op doelgroepen ynsetten wurde en sille der mear min-waar-foarsjennings kommen moatte op it eilân. It VVV is foarstanner foar de bou fan it wellness-sintrum, mar oer dy plannen is grutte ferdieldheid op it eilân.

Trefwurden: 
toeristen It Amelân VVV
(Advertinsje)
(Advertinsje)