It jier fan Paralympysk swimster Liesette Bruinsma

28 des 2016 - 20:54
Foto: ANP

Antoinette de Jong, Akke Marije Marinus en Liesette Bruinsma, it binne samar wat nammen fan trije jonge Fryske froulju dy't bot yndruk makke hawwe yn 2016. De lêste die dat troch har yndrukwekkende fiif medaljes dy't se wûn yn Rio de Janeiro by de Paralympyske Spelen. Twa kear goud, ien kear sulver en twa kear brûns.

En dat allegearre yn it jier wêryn't se noch mar krekt om 'e hoeke komt te sjen op it ynternasjonale poadium. By it EK yn Portugal pakt se fuort trije gouden, in sulveren en in brûnzen medalje.

Gnize

As we yn augustus mei Liesette foarútsjogge op de Paralympyske Spelen gniist se der oer: "Sa no en dan haw ik noch net echt yn de gaten hoe grut it is. Ik tink dat ik dat pas troch ha as ik ek echt troch it Olympysk doarp rin."

Suksesfolste Paralympiër

Wat se dan noch net wit, is dat se de meast suksesfolle Paralympiër fan ús lân wurdt. Liesette wurdt de jongste frou ea dy't riddere wurdt en alle Fryske paralympiërs wurde yn de Fryske steateseal huldige. Ein desimber wurdt de Wommelse dan ek nochris ferkeazen ta Paralympysk Sporter fan it jier op it jierlikse Sportgala.

Bekomme?

Op it stuit bekomt se fan in drok jier. No ja, bekomme? "Ik bin alwer yn tarieding op it WK yn 2017 yn Meksiko. Eins wol ik dêr yn alle gefallen wrâldkampioen wurde op de 400 meter frije slach en de 400 meter wikselslach. Dêrfoar moat ik noch mear as ea gas jaan om de Sinezen foar te bliuwen. En njonken dat sil ik it drok krije mei skoalle, ik moat al myn vwo-diploma helje fansels."

(advertinsje)
(advertinsje)