Grou sammelet jild yn foar grut skate- en fuotbalpark

28 des 2016 - 20:37

Organisaasjes en ynstellingen yn Grou binne drok dwaande mei it opsetten fan in grut skate- en fuotbalpark: It Play-Skate Court. Der wurdt op ferskate manieren jild ophelle om de plannen te realisearjen. Dizze wike waard bekend dat partikulieren en bedriuwen yn it doarp al 15.000 euro tasein hawwe oan it projekt.

It idee kaam fan jongeren dy't graach in fuotbalpleintsje yn it doarp hawwe woene. Doe't oare partijen fan it plan hearden, woene sy harren hjir graach by oanslute en sa komme der ek in skeelerbaan en skateplein by. 

De teller stiet no op sa'n 50.000 euro, dy't fia sponsors en ferieningen tasein is. Yn totaal moat der 450.000 euro op it kleed komme. Der rinne noch oanfragen by ûnder oare it Mienskipsfûns. Ek wurde der noch aksjes op tou set troch de jongeren sels. Sa wolle se yn maart jild ophelje mei in flesse-aksje.

Trefwurden: 
jild skatebaan fuotbalpark Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)