Drachtster krijt twa jier sel foar oanfal mei machete

28 des 2016 - 20:17
Rjochter - Foto: Omrop Fryslân

In 28-jierrige Drachtster hat woansdei fan de rjochtbank in finzenisstraf fan twa jier krigen foar deaslach. Troch mei in machete te swaaien by in fjochtpartij, heal augustus, snijde er hast twa fingers fan in 33-jierrige plakgenoat ôf. Beide fingers hongen neffens in tsjûge noch mar oan in lyts feltsje.

De offisier fan justysje hie in selstraf fan 3,5 jier easke. De rjochter hat der by it bepalen fan de straf rekken mei hâlden dat de fertochte ADD hat. Dêrtroch kin hy de gefolgen fan syn dieden net goed oersjen. 

De Drachtster moat him ek behannelje litte en it slachtoffer rom 8000 euro skeafergoeding betelje.

Trefwurden: 
machete mishanneling Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)