Deasketten see-earn by Wolvegea hie fûgelgryp

28 des 2016 - 19:33

De see-earn dy't begjin desimber by Wolvegea deasketten is, komt net werom nei Fryslân. De fûgel wie besmet mei fûgelgryp en wurdt dêrom ferneatige. It Fryske Gea hie al plannen makke om it bist opsette te litten. Dêrnei wie it bedoeling om it nei it besikerssintrum yn Earnewâld te heljen, omdat de fûgel goed past by Nasjonaal Park de Alde Feanen.

Op it lêste momint giet dit net troch, sa seit Tom Jager fan it Fryske Gea. De fûgel is ûndersocht op de universiteit fan Wageningen en dêr die bliken dat it fûgelgryp hie.

(advertinsje)
(advertinsje)