Ireen Wüst wint 1500 meter op it NK ôfstannen

Ireen Wüst hat de 1500 meter wûn op it NK ôfstannen yn Thialf. Har winnende tiid wie 1.57.19. Foar Wüst wie it al de sânde kear dat se de titel pakte. Twafâldich Nederlânsk en Olympysk kampioene Jorien ter Mors waard twadde yn 1.57.47. Marrit Leenstra waard tredde yn 1.57.75. Antoinette de Jong einige as sechsde, Yvonne Nauta waard achtste.
De top trije is no wis fan dielname op de 1500 meter op it WK ôfstannen yn febrewaris 2017 yn Súd-Koreä.
Dai Dai Ntab wûn de 500 meter yn 34.80. Ronald Mulder waard twadde yn 34.83, Jan Smeekens tredde yn 34.91.