Wetterfront Earnewâld los

25 maaie 2012 - 11:53

Earnewâld krijt 3,7 miljoen euro om it masterplan wetterfront út te fieren. De hantekens binne freedtemoarn ûnder de oerienkomst set. De provinsje en de gemeente Tytsjerksteradiel betelje it grutste part en de rest moat fan de ûndernimmers komme. Der wurdt ynvestearre yn de havens, de natoer en it doarp.

It doel is om mear rekreanten nei Earnewâld te lûken. It doarp moat it griene hert fan Fryslân wurde. De provinsje docht foar in tredde part mei oan it projekt dat yn 2016 klear wêze moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)