Sven Kramer wint njoggende Nederlânske titel op 5000 meter

Sven Kramer hat foar de njoggende kear de Nederlânske titel op de 5000 meter wûn. Op it NK ôfstannen yn Thialf ried Kramer yn rit sân nei 6.14.17. Douwe de Vries en Jan Blokhuijsen kamen yn de rit dêrnei net oan dy tiid. De Vries ried 6.18.51, Blokhuijsen 6.19.54. Yn de lêste rit wie Kramer syn grutte konkurrint Jorrit Bergsma ek net in bedriging. Bergsma kaam yn 6.18.08 oer de einstreek. In moaie Fryske top trije mei Sven Kramer, Jorrit Bergsma en Douwe de Vries.
Dizze trije man meie no ek nei it WK ôfstannen yn febrewaris 2017 yn Súd-Koreä.