Metalen keunstheupen ek yn MCL

25 maaie 2012 - 11:30

By it MCL yn Ljouwert binne tusken 2006 en 2011 in lytse santich saneamde metaal op metaal keunstheupen ymplantearre. Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat ek fiif jier lang de omstriden keunstheupen brûkt.

De protezes kamen in pear jier lyn yn it nijs om't se skealik wêze kinne foar pasjinten. Lytse metalen splinters kinne yn it lichem komme. Sawol Nij Smellinghe as it MCL binne nei krityske rapporten ophâlden mei it brûken fan de protezes. Pasjinten dy't fragen hawwe oer de proteze, kinne telâne op it emailadres metaalheup@znb.nl.

Belje kin ek: 058-2867666.

(Advertinsje)
(Advertinsje)