Kassa's Fries Museum ticht: seal en treppen stiene fol

It Fries Museum yn Ljouwert hat woansdeitemiddei de kassa's in skoftlang ticht hân. Der wie safolle belangstelling foar de tentoanstelling mei wurk fan Alma-Tadema, dat der gjin besikers mear by koenen. De seal mei skilderijen stie fol en ek alle treppen.
It is neffens it museum hast alle dagen tusken tolven en trijen drok en dan moat ek de doar fan de seal wolris ticht, mar dat it hiele museum ticht giet komt net faak foar. Letter op de middei mochten der wol wer minsken nei binnen.
De tentoanstelling oer Alma-Tadema is noch oant 8 febrewaris te sjen. Yntusken hat dy al hast 100.000 besikers lutsen.