Wetterskip fynt gjin deade fûgels mear yn Fryske greiden

© Wetterskip Fryslân
It fûgelgrypfirus liket yn Fryslân deljûn te wêzen. It wetterskip hat woansdei by in grutte kontrôle gjin deade fûgels mear fûn. Boppedat komme der op it miljeu-alarmnûmer gjin meldingen mear binnen oer deade wetterfûgels.
Oant begjin ferline wike waarden der noch sa'n 200 deade fûgels deis út de greiden helle. Omdat it firus no net mear om him hinne liket te slaan, sil it wetterskip fan nije wike ôf de sykte allinnich noch by gebrûklike kontrôles yn 'e gaten hâlde.
"Mar we bliuwe wol ekstra alert op de plakken dêr't earder deade wetterfûgels fûn binne", seit Nynke Bout fan it wetterskip. It firus waard de ôfrûne wiken net allinnich by de wetterfûgels oantroffen, mar ek op twa buorkerijen fêststeld. Dêr moasten goed 90.000 lishinnen romme wurde.