Ljouwerter moat sel yn foar mishanneling treinmasinist

28 des 2016 - 17:10
Foto: Omrop Fryslân

In 37-jierrige Ljouwerter moat fanwege mishanneling fjouwer wiken de sel yn, wêrfan twa ûnder betingst. De man besocht op 13 desimber moarns betiid út in trein te kommen, neidat er dêr yn sliept hie. Om út de trein te kommen, ferbruts er de needfergrindeling. In masinist dy't dêr op ôfkaam waard troch de man yn it gesicht stompt.

Neist dat er de sel yn giet, moat de man him ek behannelje litte. De Ljouwerter is al folle faker feroardiele foar it brûken fan geweld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)