Kûbaard sûnder gas en wetter

22 okt 2011 - 14:45
Foto: Omrop Fryslân

De ynwenners fan Kûbaard ha sneon in pear oeren sûnder gas en wetter sitten. De ynwenners pleatsten by de tagongsdiken fan it doarp flaggemêsten yn it ramt fan it betinken fan Kneppelfreed. Ien fan dy mêsten rekke in wetterlieding. Dêrtroch rekke de neistlizzende gaslieding ek lek.

Enerzjybedriuwen Enexis en Vitens ha de skea makke. De brânwacht wie oanwêzich om de saak yn de gaten te hâlden. Yn de rin fan de middei wiene de lekken wer ticht makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)