Soad nijkommers yn Fryske top 100

Hast tweintich persint fan de nûmers yn de Fryske top 100 fan dit jier is nij. De hiele list is no kontrolearre en fêststeld. De Fryske top 100 wurdt útstjoerd op âldjiersdei. It is de 18e edysje. Fan de nijkommers binne de measte hielendal nij. Fiif nûmers kamen werom yn de list, omdat der wer mear op stimd is.
Yn de list sitte een pear flinke ferskowingen. De band Vangrail mei it nûmer 'Libben nei de leafde' gong flink omheech. Iris Kroes mei har nûmer 'Thús' sakke 23 plakken. De Kast komt mei njoggen nûmers it faakst foarby.
De earste njoggentich nûmers fan de Fryske top 100 binne yntusken werom te finen op Frysketop100.nl. De top 10 wurdt sneontejûn bekend makke tusken healwei alven en 12 oere. Foar it earst wurdt de top 100 útstjoerd oant middernacht, dus oant it nije jier begjint.
Sneon fan 12.00 oere middeis ôf begjint de Fryske top 100.