Oanriding mei ree op Wâldwei
In 62-jierrige frou út Grins hat tongersdei op de Wâldwei by Drachten in oanriding hân mei in ree. It bist stuts ynienen de dyk oer. De frou koe it bist net ûntwike.
Se sloech in pear kear mei har auto oer de kop. De frou is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.