Plysje pakt ynbrekker (18) op

Oanhâlden © Omrop Fryslân
Mei de oanhâlding fan in jonge (18) út Burgum hat de plysje fjouwer wenningynbraken en in tal ynbraken yn boaten oplost. Plysjes kamen de jonge op it spoar nei it hearren fan in tal tsjûgen en eigen ûndersyk nei de ynbraken yn de huzen.
Doe't de plysje de jonge begjin dizze moanne oppakte, bekende er ek dat er yn boaten ynbrutsen hie. Hij moat ynkoarten foar de rjochter komme. De plysje is noch net klear mei it ûndersyk. Der moatte ek noch helers heard wurde.