Ungelok soarget foar file op de A7 by It Hearrenfean

© De Vries Media
Reizgers op de A7 tusken Drachten en De Jouwer moatte rekken hâlde mei fertragingen. In buske is dêr yn de fangrail flein nei in botsing mei in persoane-auto. Der stiet dêrtroch fjouwer kilometer file tusken Tsjalbert en it klaverblêd by It Hearrenfean. De dyk is wer frijjûn.
It is noch ûndúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is en oft der ferwûnen binne.