Waanders krijt de pil

De Sionsberg © Omrop Fryslân
Gynekolooch Marcelle Henselmans fan de Sionsberg yn Dokkum sil freedtemiddei symboalysk de anti-konsepsjepil oan boargemaster Waanders fan Dongeradiel oerlangje. It personiel wol sa protestearje tsjin de plannen om de ôfdieling bertesoarch fan it sikehûs te sluten.
Mei it oerlangjen fan de pil wolle se dúdlik meitsjen dat in befalling yn de regio sa risikofol wurdt, dat it feiliger is om mar net mear swier te reitsjen. De aksjefierders sille it winkeljend publyk yn Dokkum freedtejûn ek in symboalyske pil jaan mei tekst en útlis derby.