70 kilo yllegaal fjoerwurk fûn yn Haulerwyk

28 des 2016 - 12:23
It fjoerwurk is yn belach naam en ferneatige - Foto: Politie Fryslân

De plysje fertinkt in ynwenner fan Haulerwyk fan it yn besit hawwen fan yllegaal fjoerwurk. By de 59-jierrige man thús waard 70 kilo yllegaal fjoerwurk fûn. Dat is yn beslach naam en sil ferneatige wurde. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke. De plysje kaam it yllegale fjoerwurk op it spoar nei in tip.

Ferline wike waard yn Haulerwyk 60 kilo yllegaal fjoerwurk fûn yn in loads. Dat wie fan in 21-jierrige man út Norg.

Trefwurden: 
fjoerwurk Haulerwyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)